Skûtsjefloat dochs kompleet

© Omrop Fryslân
Alle skûtsjes meie dochs oan 'e start ferskine by SKS-wedstriden op 29 july. Dat is woansdei yn oerlis mei alle skippers en bemannningsleden besletten.
Earder drigen de skûtsjes fan Boalsert, Snits, Langwar, Earnewâld, Starum en Huzum bûten de boat te fallen. Harren skippen soene net oan 'e stabiliteitseasken foldwaan. No is besletten de noarmen fan ferline jier oan te hâlden.