Kroes even op simmeriis

07 jul 2000 - 10:43

Foarsitter Henk Kroes fan Simmer 2000 (en de Alvestêdeferiening) woe ek sels even op redens. Op it simmeriis fan Thialf dielde er Simmer 2000-petten út oan Ids Postma en trener Leen Pfrommer.

Postma is tige wiis mei it simmeriis. ''Oars moat ik altyd nei Calgary, hjir ride is folle moaier.'' It simmeriis is benammen bedoeld om Fryske emigranten de kâns te jaan om even te reedriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)