Keunstkij by Slachte
De rinners fan de Slachtemarathon sille ûnder mear besjoen wurde troch de keunstkij. De organisaasje fan it keunstkijprojekt bringt safolle mooglik fan de bisten by-inoar by de Slachte.
De keunstkij binne te besjen by de Bongier tusken Easterwierrum en Boazum en op Slachte 6 by Kûbaard. Foar wa't 8 july net komme kin steane de keunstkij ek op 9 july noch op dy plakken.