Fiskers oppakt
De plysje hat woansdei op de Wite Brekken by Snits twa man oanhâlden. It giet om twa bruorren út Feanwâlden, fan 32 en 37 jier. Har fiskreau, mei in wearde fan 4000 gûne, is yn beslach nommen.
De manlju wienen elektrysk oan it fiskjen. Se wurken mei in skepnet dat ûnder stroom stie, in fiskwize dy't ferbean is. By de oanhâlding rekke ien fan de manlju yn it wetter.