Ferkearsmaatregels mislearre

05 jul 2000 - 17:12

De ferkearsmaatregels op de eardere 80-kilometerdyk tusken Broeksterwâld en Readtsjerk binne mislearre. Dat sizze in protte fytsers dy't de dyk brûke en ek de buertferiening fan it Bûtenfjild.

Om it te hurd riden tsjin te gean hat de gemeente as proef snelheidsremjende obstakels oanbrocht. De buertferiening wol dy obstakels no wer kwyt. Se wolle in frijlizzend fytspaad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)