Wâldrock fynt 8000 genôch

02 jul 2000 - 19:02

Sa'n 8000 metalfans kamen sneon ôf op it Wâldrockfestival yn Burgum. De organisaasje fynt dat ek wol genôch, mei it each op de tragyske tastannen yn it Deenske Roskilde. Dêr waarden acht minsken deadrukt by in konsert fan Pearl Jam.

Yn Burgum hie it Fryske Artvist de eare it publyk alfêst op te waarmjen foar de grutte nammen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)