Twaspjalt oer tal sekshuzen

02 jul 2000 - 18:09

It gemeentebestjoer fan Tytsterksteradiel is ferdield oer it prostitúsjebelied. Dit jier wurdt it bordeelferbod opheft. Gemeenten bepale sels hoefolle sekshûzen tastien wurde.

Neffens in wurkgroep is der yn Tytsjerksteradiel plak foar ien. Trije kolleezjeleden kinne harren dêr wol yn fine. De twa CDA-wethâlders wolle lykwols gjinien yn 'e gemeente hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)