Sevenwolden pakt wâlskanten oan
Wetterskip Sevenwolden stekt takom jier seis miljoen gûne yn de ferheging fan wâlskanten en yn in nij gemaal yn de Nijkspolder. Dat is trije kear mear as normaal ynvestearre wurdt.
De maatregels moatte wetteroerlêst foarkomme. Foar de ynwenners fan it gebiet fan Sevenwolden betsjut it wol dat de lêsten mei 14 persint omheech geane.