Gjin keapsnein foar Dokkum

01 jul 2000 - 16:32

In mearderheid fan de kommisje finânsjen yn de gemeente Dongeradiel hat tongersdei tsjin ynfiering fan de keapsnein stimd.

In oantal ûndernimmers hie om ferromming fan de iepeningstiden frege. It kolleezje fan B en W fûn dat net nedich en stelde út om de oanfraach net te honorearjen. It grutste part fan de ried liket dat dus mei B en W iens te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)