Oerienkomsten ferkrêftingssaken

01 jul 2000 - 14:30

De plysje sil de ferkrêftingssaak fan in 10-jierrich famke yn Drachten ferlykje mei de ferkrêfting en moard op de 10-jierrige Nienke út Schiedam. It sinjalemint fan de dieder hat yn beide gefallen in soad oerienkomsten.

Yn de saak fan it Drachtster famke, op 11 maaie, is noch gjin inkeld spoar. Wol binne der 60 tips ynkaam. De plysje wurket noch mei 12 man oan 'e saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)