Bûtenlân ynvestearret yn Noarden

30 jun 2000 - 10:29

It bûtenlân ynvestearret omraak yn it Noarden. Neffens de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij (NOM) sil der dit jier foar in heal miljard yn it Noarden ynvestearre wurde troch bûtenlânske bedriuwen. Dat smyt seker 1000 banen op.

De NOM makke tongersdei syn sifers oer 1999 bekend. De maatskippij buorket goed. Neffens de NOM krijt it Noarden tenei mear militêre kompinsaasjeoarders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)