Figuranten foar 'Nynke' socht

© Omrop Fryslân
Regisseur Pieter Verhoeff siket figuranten foar syn nije film Nynke. It giet om in sêne op 9 july yn Dronryp. Dêrfoar binne twahûndert 'arbeiders' tusken de 25 en 80 jier nedich.
De film giet oer it libben fan Sjoukje Bokma-de Boer. Sy wie de frou fan Troelstra en de skriuwster fan De Tsien fan Martens Afke. Minsken dy't meidwaan wolle, kinne harren sneon tusken 14.30 en 15.00 oere melde.