Flylân hat genôch fan geweld
Fjochtersbazen binne net mear wolkom yn de Flylanner kafee's. Minsken dy't har skuldich meitsje oan slaanderij rinne it risiko dat se in heal jier lang net mear yn de kafee's komme meie.
Oanlieding is in fjochtpartij fan ferline wike, dy't in soad opskuor jûn hat. It binne benammen eilanners en wurknimmers dy't by de fjochtpartijen belutsen binne.