Skoalbern meie leven meitsje

© Omrop Fryslân
De skoalbern fan de Burgerskoalle yn Dokkum meie foarearst gewoan op it skoalleplein boartsje en leven meitsje. De foarsitter fan de Ried fan Steat yn Den Haach hat dat bepaald.
Letter folget noch in definitive útspraak fan de folsleine Ried fan Steat. Want de omwenjenden sette de rjochtsaak troch. Se binne fan betinken, dat de skoalbern fierste folle leven meitsje.