Bliuwt gasbedriuw eigen baas?

28 jun 2000 - 09:41

Hâldt it lêste selsstannige gasbedriuw fan Fryslân syn unike posysje. Dat wurdt freed dúdlik as de oandielhâlders beslute oer al of gjin fúzje. It giet om gasbedriuw Noardeast-Fryslân yn Dokkum.

De ried fan kommissarissen hat al oanjûn foar de fúzje te wêzen. Seis lytse gasbedriuwen moatte de lapen gearsmite om te oerlibjen, sa fine se. Dêrta hearre Eneco en Nutsbedrijf Amstelland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)