Heech wol âlde ielaak werom
B en W fan Wymbritseradiel wolle jild beskikber stelle foar it neibouwen fan in tradisjonele ielaak. In stichting yn Heech hat dêrta in oanfraach yntsjinne. It skip moat boud wurde by de pleatslike jachtwerf fan Piersma.
De stichting sil by de aak in spesjaal ynformaasjesintrum foar besikers bouwe. Neffens B en W is it projekt in oanwinst foar 'toeristysk Heech'