'Stabiliteitsproef fierste let'
As de SKS fêsthâldt oan 'e easken kin mear as de helte fan 'e skûtsjes net meidwaan oan it Skûtsjesilen. Acht skippen binne net troch de stabiliteitsproef kommen. Harren mêst is yn ferhâlding te lang.
Oer fjouwer wike begjint de silerij wer. De dupearre skippers fine dat de proef fan de SKS fierste let komt. Se tinke lykwols noch net oan in boycot.