Tiisdei gjin plysjebonnen

© ANP XTRA
De plysje yn Fryslân skriuwt tiisdei gjin bekeurings út foar lytse oertrêdings yn de provinsje. Mei de kollega's fan Grinslân en Drinte wol de Fryske plysje mei de aksje protestearje tsjin it útbliuwen fan in bettere CAO. De ûnderhannelings oer de nije plysje-CAO sitte fêst.
Minister Opstelten fan Justysje fynt dat der in goed oanbod leit. De bûnen easkje lykwols trije persint mear lean en in goeie oergongsregeling foar de pensjoenen. It ultimatum fan de bûnen oan de minister rûn moandeitemiddei om tolve oere ôf.
Moandei hat de plysje al aksjefierd yn Utrecht, Flevolân en de Gooi -en Vechtstreek.