Sjoerd Overgoor nije oanfierder by SC Cambuur

15 aug 2015 - 15:22

Sjoerd Overgoor is de nije oanfierder fan SC Cambuur. De 26-jierrige middenfjilder nimt de oanfierdersbân oer fan Etiënne Reijnen. Dy hat in kontrakt tekene by FC Grins.

Overgoor makke ferline wike de lykmakkker tsjin PEC Zwolle. Hy kaam fan 't simmer oer fan Go Ahead Eagles. Yn de wedstriid tsjin Feyenoord hat Overgoor snein foar it earst de oanfierdersbân om.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)