Belestingfout yn 4600 brieven

05 mrt 2012 - 11:07

De flater mei de ûnreplik saakbelesting yn Menameradiel giet om 4600 brieven. Dat hat de gemeente moandei bekend makke. Op de oanslach is in âlde peildatum opnaam, der moasten dêrom allegear nije oanslaggen tastjoerd wurde. De gemeente hat dat de ynwenners yntusken mei in brief witte litten.

Neffens de wurdfierder fan de gemeente giet it om in minslike fout. Der is wol in drukproef makke, mar de datum is oer de holle sjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)