MCL krijt Schub-poly

Yn it MS - multiple sclerose - sintrum fan it MCL wurdt in Schub-poly iepene. Sa'n sjoep wurdt ek wol in MS-oanfal neamd en betsjut dat it ynienen folle minder giet mei de pasjint. MS-pasjinten kinne nei sa'n Schub faak deselde deis al teplak yn it MCL, of oars uterlik in dei letter.
In MS-ferpleechkundige of de neurolooch beoardielje dan de situaasje en kinne fuort mei in behanneling begjinne. De Schub-poly hâldt alle dagen sprekoere.