Rottefalster slacht Grinzer

Geweld © Omrop Fryslân
In 22-jierrige ynwenner fan De Rottefalle is sneontenacht oanholden foar mishanneling. Yn in hoarekagelegenheid oan de Noardkade yn Drachten sloech de fertochte sûnder oanlieding in 20-jierrige man út Grins. It slachtoffer waard mei in ferwûning oan de holle en inkele wûnen yn it gesicht troch kunde nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht foar behanneling.
De 22-jierrige waard oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ferhoar waard er snein wer frijlitten. De Grinzer moat noch oanjefte dwaan.