Airbag keart behanneling frou

By in oanriding sneon op de Suderhegewei yn Drachten is in 42-jierrige frou fan De Lemmer lichterwûne rekke. De frou ried by de oprit nei de A7, kearde har auto en woe wer werom ride de Suderhegewei op. Dêrby botste se op de auto fan in 28-jierrige man út Drachten.
De frou rekke lichtferwûne oan de holle, mar ambulânsepersoniel koe har net behannelje omdat ien fan de airbags drige te knappen. De brânwacht moast komme om de airbags ûnskealik te meitsjen. Dêrnei waard de doar út de auto knipt en koe it slachtoffer útstappe.
Se waard oerbrocht nei it sikehûs, mar koe nei ûndersyk wer nei hûs. De 28-jierrige Drachtster kaam mei de skrik frij.