Rydbewiis hurdrider ynnaam

04 mrt 2012 - 15:50

De plysje hat sneontenacht it rydbewiis fan in 31-jierrige ynwenner fan Surhústerfean ynfoardere. Surveillearjende plysjes seagen om goed fjouwer oere nachts de automobilist mei hege snelheid op de Hurddravesrsdyk yn Dokkum riden. De plysjes rieden him achternei de Trekwei op en dêrby rûn de snelheid op nei 110 kilometer de oere dêr't mar 60 tastien is.

Under Aldwâld folge de bestjoerder in stopteken op. Hy rekke net allinnich syn rydbewiis kwyt, mar der waard ek proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
rydbewiis hurdrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)