Mannen mei harddrugs oppakt

e_dolphins
De plysje hat sneontenacht twa jongemannen oanholden foar it besit fan harddrugs. Yn Drachten fûn de plysje by in kontrôle yn de auto fan in 19-jierrige man út Oerterp in pûde mei nei alle gedachten kokaïne. Doe't de plysje de man oanspruts, stoppe er gau wat fuort. Tusken de stuollen waard dêrnei in strip mei LSD fûn en yn de klean in pûdsje mei xtc-pillen.
Yn in hoarekagelegenheid yn Balk waard in 18-jierrige man oanholden mei harddrugs. Hy hie in fleske GHB en in pûdsje mei wite poeier by him. Beide mannen binne ynsletten.