Brêgedek fan Alphen is mooglik noch te brûken

15 aug 2015 - 12:57

Staalbouw BSB út Burgum tinkt dat it brêgedek dat yn Alphen aan den Rijn út de kranen foel, dochs noch brûkt wurde kin. Dat seit direkteur Jan Pesie yn it Leidsch Dagblad. It bedriuw hat it brêgedek ynspektearre en konstatearre dat der wol wat skea is, mar neffens BSB is it ûnderdiel net hielendal stikken. Mooglik kin it noch brûkt wurde yn de Julianabrêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)