Tsjerkeklokken liede foar kristenen yn Syrië

15 aug 2015 - 07:18

Yn hiel Europa liede sneon om 12.00 oere in minút lang tsjerkeklokken. Ek yn Fryslân. De Aramese Federatie Nederland hat tsjerken yn ús lân frege om hjiroan mei te dwaan as teken fan solidariteit mei de kristenen yn Syrië.

De PKN en de RK-tsjerke stean achter dy oprop en freegje de lokale tsjerkemienskippen om mei te dwaan. Ien fan de plakken dêr't de klok let wurdt, is de tsjerke fan Duerswâld yn Wynjeterp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)