Plysjeburo It Hearrenfean skoft ticht om fertocht pakketsje

14 aug 2015 - 15:30

It plysjeburo oan de Atalantastrjitte op It Hearrenfean hat freedtemiddei in skoft ticht west yn ferbân mei in fertocht pakketsje. Der wie in persoan oan de baly kaam mei in pakje dat er net fertroude. Ek de plysje fûn it fertocht. Dy hat dêrom út foarsoarch it plysjeburo sletten. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it falsk alarm wie.

Nei goed in oere koe it plysjeburo wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)