SC Cambuur wol Van der Laan hiere fan FC Grins

14 aug 2015 - 15:13

SC Cambuur hat him freedtemoarn by FC Grins melden foar ferdigener Martijn van der Laan. Dat meldt RTV Noord. Van der Laan is gjin ûnbekende yn Ljouwert. Hy makke ferline jier de oerstap fan Cambuur nei Grins, mar siet dêr eins it hiele seizoen op 'e bank.

Van der Laan stiet dan ek wol iepen foar in weromkear yn Ljouwert, dêr't er earder trije seizoenen spile hat. Cambuur wol de sintrale ferdigener foar ien jier hiere. FC Grins oerleit freedtemiddei oft se hjir oan meiwurkje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)