Hearrenfean gelyk tsjin ADO

SC Hearrenfean hat yn 'e striid om it kampioenskip djoere punten lizze litten tsjin degradaasjekandidaat ADO Den Haach. Yn Den Haach einige de wedstriid sûnder doelpunten. De ploech fan Ron Jans krige yn de einfaze fan de earste helte fia Luciano Narsingh twa grutte mooglikheden, mar de jonge ynternasjonal faalde beide kearen.
It is foar it earst dizze kompetysje dat SC Hearrenfean yn in wedstriid net ta skoaren kaam.