Etiënne Reijnen liket fan Cambuur nei FC Grins te gean

13 aug 2015 - 18:09

De kâns is grut dat Cambuur sintrale ferdigener Etiënne Reijnen kwyt rekket oan FC Grins. De Grinzers hawwe offisjeel witte litten dat se ynteressearre binne yn de oername fan de 28-jierrige sintrale ferdigener. Hy moat dêr de opfolger wurde fan Eric Botteghin dy't tongersdei in kontrakt tekene hat by Feyenoord. Reijnen stiet noch mar in goed jier ûnder kontrakt by de Ljouwerters. Oer in eventuele opfolger is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)