Koade giel foar swiere tongerbuien

13 aug 2015 - 16:15

It KNMI hat foar tongersdeitejûn koade giel ôfjûn foar swier waar yn it hiele lân. Fanút is súdwesten en it suden nimt de kâns op tongerbuien ta. Yn dizze buien kinne swiere wynstjitten foarkomme, mei kâns op hagel. Ek kin der in soad reinwetter falle en dat kin wer soargje foar wetteroerlêst.

De kâns op tonger sil yn de rin fan de nacht fan tongersdei op freed wer ôfnimme, mar letter freed nimt dy kâns wer ta. Koade giel is de op twa nei heechtste alarmfaze fan de fjouwer dy't it KNMI brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)