Frou rydt yn op wachtsjende auto's by brêge A6

13 aug 2015 - 13:23

In ûngelok by de Skarsterrienbrêge hat tongersdeitemiddei foar file soarge tusken it knooppunt De Jouwer en de ôfslach Sint Nyk. In 39-jierrige frou út Rotterdam ried mei har auto op in auto yn, dy't stie te wachtsjen foar de iepensteande brêge. In 52-jierrieg frou út Amsterdam, dy't yn de stilsteande auto siet rekke dêrtroch beknypt yn har auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde.

Se is nei it sikehûs brocht. Yn de oare auto rekke nimmen ferwûne. Fanwege it ûngelok waarden de rydstroken ôfset en moast ferkear oer de flechtstreek. Dat probleem wie om twa oere foarby.

Trefwurden: 
ûngelok brêge A6
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)