Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

13 aug 2015 - 08:51

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Troch de swiere stjerrerein binne fannacht yn it noarden fan de provinsje tsientallen hektares lânbougrûn splis kaam te stean. Bouboeren dy't fan 'e moarn oan de slach woenen mei it teskjen fan weet en oar gewaaks koenen har masjines yn de skuorre stean litte en moatte wachtsje oant de grûn wer opdroege is. Op in soad lokaasjes waard melding makke fan tsientallen milimeters delslach fan stjerren. Foaral ikkers mei poatjirpels kamen dêrmei ûnder de stjerren te stean, omdat de grûn dit sa hurd net ferwurkje koe. De bouboeren hoopje yn de rin fan de middei wer oan de slach te kinnen.

De 54-jierrige Hans Meulenbroek út Boalsert hat mei help fan syn suskes út Sweden einlings Facebook fûn. De Boalserter wie al jierrenlang op syk nei Facebook omdat er graach mear witte woe oer syn identiteit. Meulenbroek is as bern adoptearre, en doe't er kontakt hie mei syn Sweedske suskes wisten dy him op wei te helpen nei Facebook.
Foar de man út Boalsert is no de tiid oanbrutsen om antwurd te sykjen op in soad fragen dy't er noch hat. Hy tinkt dat der mooglik noch mear minsken binne dy't fia in broer of sus yn it bûtenlân Facebook fine kinne.

It part fan in fleugel dat fan 'e wike fûn waard by de kust ûnder Wierum, blykt yndied ôfkomstich te wêzen fan de ZM1482. Dat hawwe eksperts fan fûgelopfangsintrum De Fûgelpits fêststelle kinnen, oan de hân fan ringgegevens. Mei it oanspielde fragmint liket it riedsel fan de ferdwûne fûgel no ticht by in oplossing te kommen.
Fuort nei de fynst wie dúdlik dat it in wjuk wie fan it type zilvermeeuw, en sa waard al gau de link lein mei de fermiste ZM1482, dy't ferline jier boppe see ynienen fan de radar ferdwûn. Mooglik spiele der ynkoarten noch mear stikken fan de seefûgel oan op de Waadkust.

In plande aksjefergadering op it plysjeburo fan It Hearrenfean is tiisdeitejûn net trochgien. De plysjeminsken bleaunen op har frije jûn leaver thús om de fuotbalwedstryd SC Heerenveen-De Graafschap te sjen op telefyzje. Foar in byienkomst op it buro om te oerlizzen oer takomstige CAO-aksjes wie net folle animo. Gjinien fan de plysjes kaam opdaagjen. Plysjefakbûn ACP oerwaget om tenei aksjebyienkomsten te organisearjen op jûnen dat der gjin fuotbal op de buis is.

Sport. Pieter Weening hat by Roompot Fakânsjeparken tekene foar in midweek yn desimber. Yn de stilste tiid fan it seizoen wol de hurdfytser fan De Harkema fiif dagen trochbringe yn in famyljefilla yn park De Katjeskelder yn Oosterhout, foar 440 euro ynklusyf bêdlinnen en in swimbadpas. Wêr't Weening nei dit seizoen fytse sil is noch net bekend. Earder al advisearren syn doarpsgenoaten him dat swartwurkje altyd lukrativer is as earne ûnder kontrakt te stean".

Mear nijs? Sjoch op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post fia facebook en twitter.

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
Bart Kingma De Toan fan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)