Jong Hearrenfean ferliest mei 3-1 fan Jong Feyenoord

12 aug 2015 - 21:46

Jong Hearrenfean is de fuotbalkompetysje woansdei min begûn troch thús mei 3-1 te ferliezen fan Jong Feyenoord. Hearrenfean kaam earst op foarsprong troch Pelle van Amersfoort dy't in strafskop benutte. Dêrnei makke Jari Schuurman de 1-1. Dat wie ek de rêststân. Nei de rêst krige Feyenoord in penalty, dy't Michiel Kramer goed ynskeat. Hearrenfean hie noch kânsen op de lykmakker, mar it wie Schuurman dy't mei syn twadde treffer de einstân op 1-3 brocht. De nije spiler Luka Zahovic makke syn debút by Jong Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)