Hurdrider út Heech rekket rydbewiis kwyt

12 aug 2015 - 20:45

In 33-jierrige automobilist út Heech is woansdeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke by in snelheidskontrôle op de Vosseleane yn Wâldsein. De plyjse hâlde de kontrôle nei klachten fan bewenners oer hurdriders. De man út Heech ried 101 kilometer op de 50-kilometerdyk en moast syn rydbewiis ynleverje. Hy moat him boppedat melde foar in ferkearskursus by it CBR. In motorrider dy't 99 kilometer ried, krige in bekeuring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)