Blau-alch op tal fan plakken yn de provinsje

12 aug 2015 - 17:01

Fanwege it waarme waar wurde der in soad meldings dien fan blau-alch. De provinsje warskôget foar blau-alch by de swimplakken by de Grutte Wielen by Ljouwert, de Aldegeaster Brekken by Aldegea yn Súdwest-Fryslân, Indijk by it Hegemer Mar, De Lange Hoek yn de Fluessen by Ealahuzen, De Leien by De Rottefalle en by it swim- en surfsintrum by Balk.

Earder waard woansdei in warskôging jûn foar it strân Meerkoet oan de Lauwersmar en Suyderoogh yn Lauwerseach. Op dizze plakken jildt in negatyf swimadvys.

De provinsje hat warskôgingsbuorden pleatst. Blau-alch kin soargje foar hûdyrritaasje en maach- en darmklachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)