Ynset buertsportcoach foar efterstân gymnastyklessen

12 aug 2015 - 15:15

Bern út Boalsert, Wytmarsum as Arum dy't net goed meikomme kinne mei de gymnastyklessen kinne tenei ekstra lessen folgje by in buertsportcoach. De Friesland soarchfersekerder, Sport Fryslân en Buertsportcoaches Fryslân ha hjirfoar it projekt 'Sport op basisskoallen ekstra' yn it libben roppen.

De ekstra lessen foar bern yn de groepen ien oant en mei fjouwer fan de basisskoallen binne ek bedoeld foar bern dy't by it bûten boartsjen net meikomme kinne, lykas klimmen, in bal fange as huppelje.

Mei it projekt wolle de partijen berikke dat de bern mear selsfertrouwen krije en mooglik lid wurde fan in sportferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)