Harns sil boetes bystânsútkearing op 'e nij besjen

12 aug 2015 - 13:56

De gemeente Harns sil alle boetes dy't tusken 1 jannewaris 2013 en 24 novimber 2014 oplein binne oan minsken mei in bystânsútkearing, op 'e nij besjen. Yn dizze perioade krigen minsken dy't in oertreding makke hiene altyd in boete. Ek al wie der gjin sprake fan opsetsin. De gemeente moast dat dwaan fan de Fraudewet.

Mar yn novimber 2014 waard de strange wet nei in rjochterlike útspraak oanpast. Harns giet dêrom alle gefalen op 'e nij beoardielen.

Mocht der gjin sprake wêze fan fraude, dan wurdt it boetebedrach werombetelle. It giet neffens de gemeente om hast 20.000 euro oan boetes dy't oplein binne.

Trefwurden: 
bystânsútkearing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)