Ljeppers Boun ferwachtet probleem mei ferfier polzen

12 aug 2015 - 13:36

It Frysk Ljeppers Boun makket him bot soargen oer nije Europeeske regeljouwing. De nije regels soargje der foar dat de wedstrydpolzen net langer oer de dyk ferfierd wurde kinne. Op it stuit fynt dat plak mei in spesjale wein foar de polzen. Hjiryn sit in saneamd remluchtsysteem, mar fan 1 jannewaris ôf mei dat net mear.

In oplossing soe wêze om alle ljepôfdielings in tal polzen te jaan, mar dat is fierstente djoer. Dy kosten binne sa'n 70.000 euro. Ek it keapjen fan in nije frachtwein soe te djoer wêze foar it bûn.

Njonken de swierrichheden mei it ferfier fan de polzen makket it bûn him ek drok oer de takomst fan de jongerein by it fierljeppen. Der lizze op it stuit net genôch skânzen, sadat de jeugd traine kin. Sa'n lytsere skâns is ferstelber en makket it makliker om te ljeppen. De kosten fan it meitsjen fan ekstra skânzen foar de jongeren lizze neffens it bûn op sa'n 40.000 euro.

De FNP hat yntusken skriftlik fragen yntsjinne oer de problematyk mei de wein foar de polzen en de takomst foar de jeugd by it fierljeppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)