Pieter Weening nei Team Roompot

12 aug 2015 - 00:19

Pieter Weening fytst yn 2016 foar de Nederlânske ploech Team Roompot Oranje Peloton. De 34-jierrige hurdfytser fan De Harkema koe syn kontrakt by de Austalyske formaasje fan Orica GreenEdge ferlinge, mar hy hat keazen foar in weromkear nei eigen lân. Weening is dwaande mei syn trettjinde seizoen as beropshurdfytser. Hy wûn û.o. in etappe yn de Tour de France fan 2005, twa kear in etappe yn de Ronde fan Italië (2011 en 2014) en it einklassemint fan de Ronde fan Poalen yn 2013. Weening hat fjouwer jier by Orica fytst, dêrfoar by de Rabobank.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)