Goede iepening fan it seizoen foar SC Hearrenfean

11 aug 2015 - 23:28

Sportklup Hearrenfean is goed begûn oan it nije seizoen. De ploech fan Lodeweges wûn de earste wedstriid mei 3-1 fan De Graafschap. Benammen de earste helte wie by riten hiel goed.

Hearrenfean hie al in pear goeie kânsen hân, doe't Simon Thern nei 23 minuten de earste goal makke. In flater yn de ferdediging strafte hy goed ôf. De nije spits Mitchell te Vrede makke tsien minuten foar rêst 2-0. Hearrenfean gong nei rêst mei goed fuotbal troch en Thern makke syn twadde. It lêste kertier wie net goed en Vermeij brocht de einstân op 3-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)