Eksploazje op boatsje West-Skylge

11 aug 2015 - 20:27

By in eksploazje op in boat yn de haven fan West-Skylge binne tiisdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. In man fan 73 en in frou fan 63, beide út Schagen. . In fles mei campinggas plofte troch noch ûnbekende oarsaak útelkoar. Derby is gjin brân útbrutsen, mar foar de wissichheid is it boatsje dochs de haven útsleept. De beide slachtoffers binne mei de traumahelikopter oerbrocht nei de fêste wâl, mar de ferwûnings lykje ta te fallen.

In tredde man op de boat, in 69-jierrige ynwenner fan Warmenhuizen kaam mei de skrik frij

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
eksploazje West-Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)