Fiskstân iel goed op peil

11 aug 2015 - 17:28

It liket goed te gean mei de iel yn Fryslân. Dat docht bliken út in stekproef troch fiskers en ûndersyksburo Altenburg & Wymenga. Tiisdei waard op De Fluezen de fiskstân yn kaart brocht en neffens beropsfisker Andries van Netten fan De Gaastmar is it opfallend hoefolle iel se dêrby tsjinkamen.

De stekproef makket ûnderdiel út fan in grut provinsjaal ûndersyk dat dien wurdt yn opdracht fan it Wetterskip. Oan de hân fan de fiskstân wurdt sjoen hoe skjin it Fryske wetter is. De resultaten fan dit ûndersyk wurde letter dit jier ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)