Straffen foar fandalen Balk

11 aug 2015 - 14:05

Twa manlju út de gemeente De Fryske Marren moatte de skea fergoedzje dy't se oanrjochten by fernielings yn Balk. It duo fan 19 en 22 jier waard yn juny al oanhâlden en is fia snelrjocht feroardield.

De manlju lutsen planten út plantebakken yn de Van Swinderenstrjitte. Neist it fergoedzjen fan de skea binne de manlju feroardield ta it beteljen fan in boete fan 200 euro. Der binne de lêste tiid in soad fernielings yn Balk. De plysje is dwaande mei in ûndersyk en slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)