Imtech Drachten ek rekke troch útstel fan betelling

11 aug 2015 - 13:54

It oanfreegjen fan útstel fan betelling troch technysk tsjinstferliener Imtech hat gefolgen foar projekten dêr't it bedriuw by belutsen is. Dat seit FNV-bestjoerder Johan Weijenberg.

De meiwurkers bliuwe earst noch wol oan it wurk. Mar it bedriuw kin gjin ûnderdielen mear bestelle. As oer in pear dagen de foarrieden op binne, dan komt it wurk stil te lizzen. Imtech hat yn it Noarden ien fêstiging yn Drachten. Dêr wurkje 80 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)