Lemster seekadetten sûnder sleepboat net nei Sail Amsterdam

11 aug 2015 - 13:18

Teloarstelling by de seekadetten fan De Lemmer. Se ha in âld marineskip, en dêrmei wolle se nije wike graach nei Sail Amsterdam. Mar dêr ha se wol in sleepboat by nedich. Se hiene twa sleepboaten regele, mar troch omstannichheden hat ien fan dy boaten no ôfsein, en dêrtroch liket it derop dat de 25 Lemster seekadetten it evenemint misse moatte. Want sûnder twadde sleepboat kin it skip fan de seekadetten de slûs by Lelystêd net passeare.

It skip is in âlde minefeger, dy't troch de seekadetten fan de sloop rêden is. Frijwilligers binne al jierren dwaande mei it opknappen fan it skip. Der sit no in goede motor yn, mar foardat se dêrmei farre meie, moat it skip noch wol goedkard wurde. En dat kostet jild. Dat jild woene de seekadetten by Sail Amsterdam fertsjinje troch minsken oan board sliepe te litten. Mar dat plan stiet no dus faai, seit kommandant François Perreau fan de Lemster seekadetten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)