Katten dumpt yn kontener Ljouwert

11 aug 2015 - 12:54

De plysje yn Ljouwert siket de eigener fan twa jonge katten dy't yn it wykein dumpt binne yn in ûndergrûnske ôffalkontener oan de Julianaleane. De bistjes binne yn in boadskippetas yn de kontener smiten.

Mei help fan in meiwurker fan Omrin binne de twa katten út de kontener helle. Ien fan de bistjes hie it net oerlibbe. It twadde katsje is troch meiwurkers fan de diereambulânse meinaam.

Trefwurden: 
Ljouwert katten kontener
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)