Stichting Ons Terschelling nei rjochter om bou badhotel

11 aug 2015 - 12:11

De Stichting Ons Terschelling jout har ferset tsjin de bou fan in badhotel bij Midslân oan See op Skylge net op. Neffens wurdfierder Hilmar Schurink kin de gemeente hielendal gjin boufergunning ôfjaan, sa as wethâlder Jeltje Hoekstra fan 'e moarn foar Omrop Fryslân meidielde, omdat de beswierprosedueres noch rinne.

Stichting Ons Terschelling wol no binnen seis wike by de rjochtbank yn Ljouwert har gelyk helje en stapt sa nedich nei de Ried fan Steat.

Neffens Schurink is it swak dat de gemeente de útspraak fan de gemeentlike kommisje fan beswierskriften finaal fan tafel fage hat. Dy fûn nammentlik dat it bouplan fan it hotel wol yn striid is mei it bestimmingsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)