Jonkje oanriden op Skylge en nei MCL brocht

11 aug 2015 - 11:35

In 6-jierrich jonkje út Ermelo rekke moandeitemiddei op Skylge ferwûne nei't hy by Formearum oanriden waard troch in taksy. It slachtofferke is mei in boat fan Skylge nei Harns brocht, en fan dêr út mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert.

It jonkje siet mei syn âlden yn in bus. Nei't it gesin útstapt wie, stuts it jonkje ûnferwacht de dyk oer. Hy kaam efter de bus wei, sadat de taksysjauffeur in oanriding net foarkomme koe, nettsjinsteande dat de chauffeur hurd remme.

By de behanneling fan it jonkje op it eilân waard ek de traumahelikopter oproppen.

Trefwurden: 
Skylge oanriding MCL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)